Motie jeugdeducatie waterbeheer met algemene stemmen aangenomen

imageswoensdag 14 december 2016 16:02

Yn de begruttingsgearkomst fan 13 desimber 2016 hat de ChristenUnie in moasje oer wetteredukaasje yntsjinne, dy’t mei algemiene stimmen oannommen en troch it deistisch bestjoer oernommen is.

De klimaatkrisis hat grutte gefolgen foar it takomstich wetterbehear yn Nederlân en dus ek yn Fryslân. It besikerssintrum fan it Woudagemaal biedt oan skoallen en groepen in gouden kâns om ús en takomstige generaasjes oer de gefolgen fan de klimaatferoaring foar it wetterbehear te ynformearjen. Dat is hurd nedich, want yn in ynternasjonaal rapport fan de OESO (Organisatie voor Economische Samenwerking en Ontwikkeling) hat bliken dien dat yn de Nederlânske mienskip noch in grut mank oan wetterbewustwêzen bestiet. Dêr sil dus wat oan dien wurde moatte en dat begjint by ús jongerein.

 

De ChristenUnie fynt it dan ek fan belang dat de Fryske oerheden yn it Nije Fryske Bestjoersakkoart Wetterketen 2016-2020 befoarderje wolle dat mear jongeren kieze foar in baan yn ‘e wettersektor. Yn it lêste Deltakongres fan 3 novimber 2016 haw ik kontakt hân mei de direkteur fan it KNAG (Koninklijk Nederlandse Aardrijkskundig Genootschap). Hja binne drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan lesprogramma’s oer it Nederlânske wetterbehear foar it VWO. It KNAG hat hjiroer al kontakten mei ferskate wetterskippen, mar noch net mei Wetterskip Fryslân. Mei Woudagemaal en besikerssintrum hat it Wetterskip it nedige it mêd fan wetteredukaasje te bieden en dat wol de ChristenUnie mei dizze moasje foar it fuotljocht bringe.

Gekoppelde documenten
TitelBestandsgrootteMIME-type
Motie watereducatie Friese schooljeugd 13-12-2016156.0 kBapplication/pdfdownload

« Terug